Betinking 4 maaie 2014
Op dy sneintejûn 4 maaie betocht De Pein op passende wize de doarpsgenoaten dy’t yn de Twadde Wrâldkriich it libben lieten en de yn ús doarpsgebiet omkommen befrijers. De betinkingstaspraak fan Gryt Mulder-Jansma, foarsitter fan de ‘Betinkingskommisje De Pein 1940-45’, hie as reade tried it landlike tema:
VRIJHEID GEEFT JE DOOR IN WEDERKERIGHEID.
IT MOAT FAN TWA KANTEN KOMME.
In pear fragminten út dy rede:
“Frijheid is mear as frijheid fan beweging. Wa’t opsluten wurdt ferliest syn frijheid. As’t útsluten wurdst omdatst oars bist, skeint dat de frijheid om dysels te wêzen, mei dyn eigenskippen en oertsjûgings. Dysels wêze kinne, dát is frijheid.
Elkoar respektearje kinne is in wichtich merkteken fan in frije mienskip. Minsken moatte elkoar stean sjen. Dit is de betsjutting fan ‘wederkerigheid’. It moat fan twa kanten komme.
Frijheid stiet of falt by de romte dy’t wy elkoar biede. Minsken binne op elkoar oanwiisd. Frijheid is mear dan elkoar mei rêst litte en wat oars dan dyn gong gean krekt as binne der gjin oare minsken.
Om respektfol mei elkoar om te gean yn in lykweardige mienskip, is it wichtich wach te wêzen foar diskriminaasje en útsluting.”
De ôfslutende wurden út de rede fan de foarsitter sprekke far boekdielen:
‘Dat wy yn frede foar rjocht en frijdom weitsje!’
2.
3.
4.
© Foto’s door Jaap de Vries