«

»

Opeinde herdenkt slachtoffers WWII

De Pein hat grut yn getal en op weardige wize omtinken jûn oan ús slachtoffers fan de Twadde Wrâldkriich. Earst hawwe de âldste groepen fan It Maitiidslibben en de Bernebrêge, lykas wênst ienris yn de fiif jier, blommen lein by de grêven fan de trije Ingelske militairen op it begraafplak Nijtap.

IMG_6351

Foto door Jaap de Vries.

Om healwei achten hienen hiel wat Peinders harren sammele by de monuminten oan de Reinder de Vriessingel. Ut it grutte tal (âldere én jongere) jeugd docht bliken dat de betinking oansprekkend bliuwt. De Betinkingskommisje De Pein 1940-1945 hat de betinking kreas stâl jûn mei blommen, musyk, gedichten, the Last Post en twa minuten stiltme. Dat dy stiltme begelaat waard troch sjongende fûgels sette de plechtigheid allinne mar mear krêft by.

Ut de taspraak fan de nije foarsitter fan de Betinkingskommisje, Henk Postma, komme dizze fragminten:

Dit jier ha wy yn ús lân 70 jier yn frijheid libbe. Dat it yn it ferliene oars west hat witte de measten fan ús allinne noch út de ferhalen, boeken en films. Wy witte net oars mear en nimme frijheid faak as fanselssprekkend oan. Tagelyk liket de wrâld yn brân te stean en binne oarloch en grutskalich geweld oan de oarder fan de dei. Mei namme it ôfrûne jier ha wy dit faak en yngeand ûnderfine kinnen.

De skiednis werhellet har net. Derfoar is elk barren te unyk. Mar der binnen wol patroanen te sjen. Wer’t op oan komt is dat we besykje ferbanden te lizzen tusken unike barrens sa as de systematyske útroeging fan Joden, Roma en Sinti troch de Nazi’s en aktuele ûntwikkelingen. We moatte konkrete ferhalen fertelle om se fan generaasje op generaasje troch te jaan. Dizze ferhalen kinne ús ek leare oer de struktueren dy’t ta útskeakeling fan de rjochtssteat en demokrasy en it ferdwinen fan tolerânsje en respekt liede.

Hiel yngeand wurde de gefolgen derfan dúdlik as jo as helpferliener of fredessoldaat yn oarlochsgebiet oanwêzich binne, soms ek mei gefaar foar eigen libben. Sûnt 1961 wurde ek dy omkommen helpers yn de nasjonale betinking belutsen. By dizze betinking sille de krâns en de blommen mei lein wurde troch twa ex militêren út ús doarp, dy’t belutsen west hawwe by fredes-operaasjes yn oarlochsgebiet. Meie ek hun ûnderfiningen en ferhalen ús helpe ús frijheid te koesterjen en te beskermjen.

Want “Wa ’t de eagen slút foar it ferliene is blyn foar de takomst”

Klik hier voor 39 foto’s van de dodenherdenking, gemaakt door Jaap de Vries.

Klik op ‘lees verder’ voor de Nederlandse vertaling van Henk Postma’s woorden.

Dit jaar hebben wij in ons land 70 jaren in vrijheid geleefd. Dat het in het verleden anders geweest is, weten de meesten ons ons louter uit verhalen, boeken en films. Wij weten niet beter en beschouwen vrijheid als vanzelfsprekend. Tegelijkertijd lijkt de wereld in brand te staan en zijn oorlogen en grootschalig geweld aan de orde van de dag. Met name in het aflopen jaar hebben wat dat vaak en indringend kunnen ervaren.

Geschiedenis herhaalt zichzelf niet. Daar voor is elke gebeurtenis te uniek. Maar er zijn wel patronen te herkennen. Van belang is, dat wij proberen verbanden te leggen tussen unieke gebeurtenissen (zoals de systematische uitroeiing van Joden, Roma en Sinti door de Nazi ’s en de actuele ontwikkelingen. We moeten concrete verhalen vertellen die van generatie naar generatie kunnen worden doorgegeven. Van deze verhalen kunnen we iets leren over de structuren die leiden tot het uitschakelen van de rechtsstaat en de democratie en het verdwijnen ven van tolerantie en respect.

Heel nadrukkelijk worden de gevolgen daarvan duidelijk voor de hulpverleners of vredessoldaten die in een oorlogsgebied aanwezig zijn, soms met gevaar voor eigen leven. Sinds 1961worden ook die omgekomen helpers bij de nationale herdenking betrokken. Dy onze herdenking zullen krans en bloemen mede worden gelegd door twee ex-militairen uit Opeinde, die betrekken zijn gewest bij vredesoperaties in oorlogsgebied. Hun ondervindingen en verhalen kunnen ons helpen onze vrijheid te koesteren en te beschermen.

Want “Wie de ogen sluit voor het verleden gaat blind de toekomst tegemoet”

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *

Je mag deze HTML-tags en attributen gebruiken: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>